FIDEO: Nei 44 jier is seldsume plant weromfûn

In argyffynst fan Steatsboskbehear hat der ta laat dat der nei 44 jier wer in bysûnder plantsje werom fûn is yn it natuergebietsje Tusken Lytsen. Dit leit net fier fan Broeksterwâld yn it Bûtenfjild. By it opromjen fan it argyf kaam boskwachter Jacob Hanenburg in âld behearsplan út 1972 fan it gebiet tsjin. Dêryn stie dat de seldsume Lytse Faleriaan dêr foarkomme moast. Dêrnei begûn de speurtocht en mei súkses, want it plantsje is no weromfûn.
Yn datselde âlde behearsplan stiet ek noch dat der otters sieten en dy binne koartlyn ek weromkommen. Sy stiene op bylden fan kamera's dy't yn it natuergebiet ophongen binne.