Feanster fuotbalsters fan 'e matte spile yn Eindhoven

(argyffoto) © Martin de Jong
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe harren lêste kompetysjewedstriid kânsleas ferlern fan PSV. De ploech fan trainer Fred de Boer waard mei 6-0 ôfdrûge yn Eindhoven. By PSV stie Sisca Folkertsma fan Sleat yn 'e basis. De Feanster froulju steane op it sechsde plak yn de earedifyzje, mar se kinne noch in plakje omheech as Telstar har lêste wedstriid ferliest.
It wie de lêste offisjele wedstriid fan Fred de Boer as trainer fan de fuotbalfroulju. Hy is takom seizoen trainer by haadklasser ACV yn Assen. Jan Schulting is de nije trainer.