FIDEO: 81e Motoralvestêdetocht lûkt 3.600 dielnimmers

Foar de 81e kear ha ek motorriders de alvestêdetocht riden. Der binne dit jier 3.600 dielnimmers en dat binne der mear as ferline jier.
Foar it earst wurdt der net stimpele yn Frjentsjer, mar is der in geheime stimpelpost. De motoaren begjinne en einigje yn Ljouwert. Har rûte is safolle mooglik oars as dy fan de fytsers om ûngelokken foar te kommen.