FIDEO: Alvestêdefytsers steane yn de file
Njonken it fytsen moatte de dielnimmers oan de Fytsalvestêdetocht moandei ek in stik te kuierjen. Of klune, sa as de fytsers is sels al neame. Op it fytspaad tusken Holwert en Blije ûntstie oan de ein fan de moarn nammentlik in grutte file. De reden: in post dêr't je de bidons folje koenen. De organisaasje hat de post yntusken sletten.