Hûndert soleksen ride alvestêdetocht troch Fryslân

16 maaie 2016 - 10:38

Neist de fytsers en de motoaren ride moandei sa'n hûndert soleksen by de alve stêden del. De tocht bestiet fjirtich jier, mar waard mei de MKZ-krisis net riden. De start wie moandeitemoarn om seis oere by it WTC Expo yn Ljouwert.

De soleksen dogge der sa'n tolve oeren oer. De histoaryske brommerkes hoege net faak te tanken, want se ride sechtich kilometer op ien liter brânstof. It is in aparte karavaan mei sels in mobyl toilet op in wein dy't achter de stoet oanrydt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)