56 partoeren dogge moandei mei oan Bûnspartij Frjentsjer

Yn Frjentsjer wurdt moandei om it Nederlânsk kampioenskip foar de senioaren keatst. Oan de bûnspartij dogge 56 partoeren mei en dat binne der trije minder as ferline jier. Grutte favoriten binne de partoeren fan Bitgum, Sint-Jabik en Minnertsgea. Bitgum, mei Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjissse Steenstra, wûn dit seizoen al yn Weidum en Tsjummearum..
Dêrneist docht út de bûtenôfdieling fan it keatsbûn KNKB in team út it Súd-Hollânske Mijdrecht mei. Dat debút duorre lykwols 38 minuten.