Ferwûne by ûngelok Wikel

15 maaie 2016 - 20:20

By in oanriding by Wikel is snein in persoan ferwûne rekke. It slachtoffer wie belutsen by in kop-sturt oanriding tusken twa auto's. Dit barde krekt nei fiif oere yn de middei. It slachtoffer klage oer pine yn de nekke en rêch, en is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)