Tuinenga en dy winne haadklasse yn Jorwert

Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Martzen Deinum © Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma
It trio Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Martzen Deinum hat snein de haadklasse keatswedstriid fan Jorwert wûn. Se fersloegen Nelie Steenstra, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra mei 5-4 en 6-6. De tredde priis wie foar it partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Marte Altenburg en Sjanet Wijnia.