Brandsma wint iiskâlde start fierljepseizoen yn Bûtenpost

Under "Sibearyske omstannichheden" hat Nard Brandsma fan It Heidenskip de earste fierljepdeititel fan it nije seizoen pakt. Hurde wyn, buien en in iiskâlde temperatuer soargen foar drege situaasjes. Yn de finale fan Bûtenpost troeve Brandsma mei 18.98 Thewis Hobma ôf (18.52), dy't de fierste sprong hie yn de foarronde. Sytse Bokma pakte mei 17.70 it brûns by syn topklassedebút. By de junioaren wûn Jan Teade Nauta fan Drylts (17.65)
By de froulju wie Marrit van der Wal de sterkste mei 14.65. Lisanne Haitsma út Achlum wûn by de famkes (13.35)
By de jonges gie de winst nei Wietse Nauta fan Drylts mei in sprong fan 15.90 meter. Yn de topklasse dienen de twa favoriten Oane Galama en Bart Helmholt net mei fanwege oare ferplichtingen.