Tunnelbakken wurde teplak riden by Werpsterhoeke

15 maaie 2016 - 12:16

By de Werpsterhoeke by Ljouwert binne sneontenacht twa nije spoartunnels op har plak riden. It giet om in tunnel foar auto's en in tunnel foar fytsers. Dy wiene al makke neist it spoar, mar moasten noch op karkes ferpleatst wurde. Yn ferbân mei it wurk is it spoar dit hiele pinksterwykein ticht. Reizgers wurde mei bussen ferfierd nei Akkrum. Tiisdei moat it treinferkear der wer del kinne.

By de Werpsterhoeke komt yn de takomst in nij stasjon, mar wannear't dat is, is noch net dúdlik. 

Foar publyk is der in sichtlokaasje ynrjochte oan de kant fan de Brédyk. Der is ek in mobyl ynformaasjesintrum dat dit wykein op alle dagen in oantal oeren iepen is, om fragen te beantwurdzjen en in taljochting te jaan op it wurk. Op de webside fan Leeuwarden Vrij-baan is it wurk live te folgjen.

Trefwurden: 
tunnelbakken Werpsterhoeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)