UPDATE: frou nei sylûngelok Fluezen ferstoarn

De frou dy't sneon slim ferwûne rekke by in ûngelok mei in sylboat op de Fluezen by Koudum is ferstoarn. Dat meldt de plysje. It giet om in frou fan 61 jier út Dútslân. Se wie mei noch trije oare froulju op it wetter, doe't har boat omsloech. De trije oaren koene har beet hâlde de boat, mar de 61-jierrige frou dreau by de boat wei.
Ferskate helptsjinsten wiene belutsen by de operaasje om de froulju út it wetter te krijen, wêrûnder de brânwacht en rêdingsboaten fan Koudum, Heech en Balk.