Raboronde yn Boalsert is wûn troch Robbert-Jan Mol

© ANP
It Rabo hurdfytskritearium yn Boalsert is sneontejûn wûn troch Robbert-Jan Mol út Wognum, yn Noard-Hollân. Yn de einsprint fersloech hy Frank Vreugdenhil út Eldersloo. Bêste Fries wie Martijn Dijkstra fan De Knipe op it tsiende plak. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard 14e. Mol wie yn 2015 ek al de bêste.
It wie foar de 17e kear dat de Raboronde fan Boalsert hâlden waard, troch it hert fan de stêd. Dielnimmers wiene manlju út de kategory elite, beloften en amateurs.