Pinksterdagen binne dit jier kâlder as de krystdagen

Dizze temperatueren sille we mei de Pinkster net belibje © Omrop Fryslân
De pinksterdagen fan dit jier binne kâlder as de lêste krystdagen. Neffens weeronline wurdt it de kâldste pinkstersnein yn 80 jier. It wurdt mar in graad as 12, wylst it yn de krystdagen hast 15 graden wie. Ek mei Peaske wie it waarmer.Troch de kâlde noardwestewyn leit de gefoelstemperatuer noch in pear graden leger.
It kin lykwols noch slimmer, want yn 1936 wie it noch kâlder mei Pinkster, doe waard it net iens 12 graden, dat rekôr sil nei alle gedachten net ferbrutsen wurde.
Op pinkstermoandei is it in graadsje waarmer en fielt it mylder oan, omdat it dan minder hurd waait.