Fjouwer boetes útdield by grutte kontrôle sportfiskers

© ANP
By in grutte provinsjale kontrôle fan sportfiskers binne fjouwer boetes útdield. Twa fiskers wiene net yn it besit fan in fiskpas. Ien persoan krige in boete foar te fluch farren op it wetter fan de Pikmar en in oar foar it yllegaal besit fan iel. Yn totaal waarden 61 sportfiskers kontrolearre. Njonken de twa boetes waarden ek warskôgingen útdield.
De provinsjale kontrôle wie opset troch Sportvisserij Fryslân, de plysje en FUMO. Sy wiene aktyf mei twa boaten en fjouwer ûnopfallende auto's. It wie al de twadde kontrôle dit jier.