Rekôrtal dielnimmers ferwachte by 31e autopetalvestêdetocht

14 maaie 2016 - 20:55

De autopetalvestêdetocht lûkt dit jier mooglik in rekôrtal dielnimmers. De organisaasje hat 205 dielnimmers op papier stean, twa mear as ferline jier. Dêrby binne ûnder oaren trije Dútsers.

De alvestêdetocht foar autopets begjint sneontenacht om tolve oere yn Boalsert en folget hast deselde rûte as de fytsers. Om 10:30 oere sneintemoarn begjinne de dielnimmers oan de súdlike lus. Om 16:30 oere hinne sneintemiddei binne se dan werom yn Boalsert.

Kâld waar ferwachte

De stepalvestêdetocht wurdt dit jier foar de 31e kear hâlden. De dielnimmers stiet in kâlde tocht te wachtsjen. De organisaasje riedt de dielnimmers dêrom oan om in mûtse op te dwaan. Op de rêstplakken lizze tekkens klear om ûnderkuolling tsjin te gean.

Trefwurden: 
stepalvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)