Poal bedarret mei auto yn de sleat by Aldtsjerk

In Poal bedarre mei syn auto yn de sleat op de N361 by Aldtsjerk © Kappers Media
In Poalske autobestjoerder is sneontejûn op de Lauwerseewei N361 by Aldtsjerk yn de sleat bedarre. De man besocht in oare bestjoerder yn te heljen, mar dit gie mis. De auto belâne op syn kant yn de sleat.
Omstanners hawwe de Poal út de auto holpen. Ien fan de omstanners rekke hjirby ferwûne oan de hân. Ferskate helptsjinsten kamen nei it plak fan it ûngelok om de man te helpen. Hy koe nei kontrôle yn de ambulânse troch de plysje meinaam wurde foar ûndersyk. In berger hat de auto út de sleat helle.