Dútske keunstner oriïntearret him op fontein Snits

De Dútske keunstner Stephan Balkenhol hat freedtemiddei in besite brocht oan Snits om him te oriïntearjen oer it ûntwerp foar de fontein dy't er ûntwerpe sil. Ien en oar hat te krijen mei it 11-fountains projekt fan Kulturele Haadstêd 2018. Mei in boatsje waarden mooglike lokaasjes besjoen, ûnder oaren de Wetterpoarte en it plein by it stasjon yn Snits.
Leafst seis fan de alve fonteinen komme yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeenteried sil har bûge moatte oer de komst fan de fonteinen. Grut brekpunt is de finansiering fan it ûnderhâld.
Fontein Dokkum
Yn Dokkum moast it ûntwerp fan it keunstwurk fan Birthe Leemeijer, nei krityk fan de middenstân, oanpast wurde.
Materiaal fontein
Dúdlik is dat Balkenhol wat dwaan wol mei it tema Snits as wettersportplak en as materiaal benammen hout brûke wol. It selskip seach dêrom dan ek by skipswerf fan Van der Meulen.