Beide tigers ferdôve en werom nei harren hok

De ûntsnapte tigers fan de rôfbiste-opfang by Nijeberkeap binne beide ferdôve. Se sille no werom brocht wurde nei harren eigen ferbliuwen. Se wisten der sneontemoarn út te ûntkommen, mar bleaune wol achter it stek dat om it grutte, boskrike terrein stiet. Nei't de plysje troch de fersoargers warskôge wie, waard de omjouwing ôfset en waard der in grutte syktocht opset. In bistedokter hat de tigers, in broer en sus, mei in ferdôvingsgewear rekke. Neffens behearder Vier Voeters hat der gjin gefaar west foar de omjouwing.