Ien tiger sketten mei ferdôvingspylk

14 maaie 2016 - 12:57

Ien fan de ûntsnapte tigers is troch de oanwêzige bistedokter rekke mei in ferdôvingspylk. It liket der lykwols net op dat ien pylk genôch is om it bist ûnder kontrôle te krijen. Der wurdt besocht om de tiger op in oare wize de ferdôvjen.

De tigers ûntsnapten sneontemoarn út harren koai yn de bisteopfang yn Nijeberkeap. De plysje sette fuortendalik in protte minsken yn om de omjouwing feilich te stellen, en om de bisten wer ûnder kontrôle te krijen.

Trefwurden: 
Tigers Nijeberkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)