Soarch by boargemaster oer stek fan rôfbiste-opfang

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf is skrokken fan it nijs dat der sneontemoarn twa tigers ûntsnapt binne by de rôfbiste-opfang by Nijeberkeap. Neffens de plysje koene de tigers ûntkomme om't it stek om it terrein net goed wie. De boargemaster siket sneontemiddei noch út hoe't it sit mei de fergunnings fan de biste-opfang. Hy sil dêrnei ek sels nei de opfang ta om de sitewaasje te besjen.