Stel slacht âldere man fan fyts

14 maaie 2016 - 12:41

In 69-jierrige Ljouwerter is sneon slim ferwûne rekke doe't in man en frou him op it Beemdgras yn Ljouwert fan syn fyts treaunen. It stel kuierders fûn it net kinnen dat de man dêr fytste. Dat mei gewoanwei ek net, mar it slachtoffer hat der in fergunning foar om't hy roeiteams coacht dy't dêr op it wetter oefenje. It stel spruts de man oan en treau him om. Doe't hy besocht om oerein te kommen, treau it stel him op 'e nij op de grûn. Dêrnei naaiden se út.

It slachtoffer moast nei it sikehûs, dêr't bliken die dat syn heup brutsen wie. De fertochten binne in man fan achter yn de 50, griis hier en sa'n 1 meter 80, fan de frou is gjin sinjalemint bekend.

Trefwurden: 
mishanneling plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)