Drankrider oer de kop by Sint-Nyk
In 24-jierrige drankrider út Emmeloord is yn de nacht fan freed op sneon op de A6 by Sint-Nyk mei syn auto oer de kop slein. De man rekke de fangrail wêrnei't de auto oer de kop fleach. De bestjoerder kaam mei de skrik frij. Nei't de plysje earst in blaastest die, is dêrnei noch in bloedproef ôfnaam. Dêrút die bliken dat de man dronken hie.