Gjin nij ûndersyk nei ekologyske effekten Psy-Fi festival

14 maaie 2016 - 10:18

Der komt gjin nij ekologysk ûndersyk nei de effekten fan it Psy-Fi festival yn it Groene Ster gebiet by Ljouwert, sa hawwe boargemaster en wethâlders fan Ljouwert besletten. Dêrmei gean sy yn tsjin it advys fan de gemeentlike kommisje foar beswierskriften. Dat jildt ek foar in tal beswieren tsjin de wize wêrop't it lûd metten is. In tal oare advizen wurdt wol oernaam. Sa wurde de tiden foar opbou en ôfbraak beheind. Fierder wurdt der eksta goed sjoen nei de parkearoerlêst en de noarm foar it skjinmeitsjen fan de húskes.

Trefwurden: 
Psy-Fi
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)