Biskop De Korte begjint yn Den Bosch

Biskop Gerard de Korte © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ald-biskop Gerard de Korte fan Ljouwert en Grins begjint sneon offisjeel yn syn nije funksje yn Den Bosch. Hy wurdt installearre yn de Sint Jan yn Den Bosch. De 60 jierrige De Korte wie sûnt 2008 biskop yn Ljouwert en Grins. Hy folget Antoon Hurkmans op. Dy hat om sûnensredenen syn ûntslach oanbean. It bisdom fan Den Bosch is mei in miljoen leauwigen de grutste fan Nederlân.