Ynternasjonaal fuotbaltoernoai yn Ljouwert yn 2018

14 maaie 2016 - 07:26

Fuotbalklup Blau Wyt '34 út Ljouwert organisearret yn de simmer fan 2018 in ynternasjonaal fuotbaltoernoai. It is in evenemint foar fuotballers út sechtjin lannen dêr't in minderheidstaal sprutsen wurdt. It toernoai wurdt hâlden ûnder de flagge fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

De bedoeling is dat 260 jongeren fan 14 of 15 jier âld stride om de Iepen Mienskipsbeker. Njonken it fuotbaljen komt de jongerein ek yn de kunde mei Ljouwert en oare ûnderdielen fan Kulturele Haadstêd. Blau Wyt wurket foar it toernoai gear mei Lân fan Taal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)