"Ouwe Bok of Douwe Bob?"

Is Ljouwert yn de ban fan it Eurovisie Songfestival? Ferslachjouwer René Koster wie op de Ljouwerter freedsmerk en frege minsken hoe't se de kânsen fan Douwe Bob ynskatte.
It wie lykwols net elkenien fuort dúdlik wa't we bedoelden, doe't we it oer Douwe Bob hiene. "Ouwe bok?", reagearre in ferbjustere frou op de merk. It Eurovisie Songefstival sels blykte ek net al te populêr. Dochs koe de Nederlânske ynstjoering oer it generaal op in soad ynstimming rekkenje.