Ald-hurdfytser Lubberding by earste 'rennerscafé' Boalsert

13 maaie 2016 - 22:34

De feiligens by it fytsen stiet foarop by âld-profhurdfytser Henk Lubberding. Hy wie freedtejûn yn Boalsert as sprekker útnûge troch de organisaasjes fan de fytsalvestêdetocht foar it alderearste 'rennerscafé'.

Lubberding fynt dat der yn de hurdfytssport tefolle mis giet. Hy doelt hjirby benammen op it net neilibjen fan de regels binnen de sport, mar ek bygelyks ûnfeilige parkoersen en ûnfoarsichtige riders. Hjirtroch barre der te faak ûngelokken, fynt Lubberding.

Lytse opkomst

De belangstelling foar Lubberding yn de kantine fan de fuotbalferiening foel mei sa'n 30 minsken wat ôf. Lubberding wûn trije etappes yn de Tour de France en waard yn 1978 achtste yn de Tour.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)