16-jierrige scooterrider krijt yn ien kear trije boetes

13 maaie 2016 - 21:36

De plysje hat freedtejûn yn Fryske Peallen in 16-jierrige jonge út dat plak yn ien kear trije boetes jûn. Hy krige de bekeurings foar it riden sûnder rydbewiis, it feit dat er gjin helm op hie en dat de scooter net fersekere wie.

Doe't in motoragint de scooterrider steande hold om him te kontrolearjen, besocht er út te naaien op syn scooter. Dit slagge lykwols net.

Nei kontrôle die bliken dat de scooter neffens de administraasje sloopt wie. Dizze is dan ek yn beslach naam. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de jonge.

Trefwurden: 
plysje Fryske Peallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)