Noardlike gemeenten yn de bres foar LHBT'ers

13 maaie 2016 - 20:38

Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân en wethâlder Mattias Gijsbertsen fan Grins tekenje tiisdei in yntinsjeferklearring foar de feiligens en de striidberens fan lesbiennes, homo's, biseksuelen en transgenders (LHBT'ers). Oare partijen yn Fryslân dy't de ferklearring ûndertekenje sille binne Tûmba en COC Friesland.

De dielnimmers ha earder al ôfspraken makke mei it ryk. Under oaren oer in súksesfolle oanpak rûnom foaroardielen, yntimidaasje en geweld tsjin dizze groepen.

Symboalysk

De ferklearring dy't tiisdei tekene wurdt hat in sterk symboalyske wearde om sjen te litten dat der gjin romte is foar diskriminaasje fan en geweld tsjin LHBT'ers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)