Wurksumheden Werpsterhoeke foar takomstich stasjon

13 maaie 2016 - 20:05

By de Werpsterhoeke by Ljouwert wurde dit pinksterwykein twa spoardekken op it definitive plak riden. Ien is foar it fiadukt fan it autoferkear en de oare foar fytsers en fuotgongers.

De spoardekken meitsje ûnderdiel út fan it takomstige stasjon Ljouwert Werpsterhoeke. Foar publyk is der in sichtlokaasje ynrjochte oan de kant fan de Brédyk. Der is ek in mobyl ynformaasjesintrum dat dit wykein op alle dagen in oantal oeren iepen wêze sil om fragen te beäntwurdzjen en in taljochting te jaan op it wurk.

Trefwurden: 
Werpsterhoeke wurksumheden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)