Pilotprojekt tsjin fersilting by Hjerbeam is súksesfol

De pilotprojekten 'Spaarwater' om de fersilting tsjin te gean lykje suksesfol. Dat die bliken by in saneamde fjildbesite fan steateleden ûnder lieding fan deputearre Sietske Poepjes by Hjerbeam.
Jouke Velstra, projektdirekteur by ûndersyksbedriuw Acacia Water, koe melde dat in proef slagge is om it swiete wetter langer fêst te hâlden en sa it sâlte grûnwetter fuort te triuwen. Dat is berikt troch de útstream-iepening fan de drains omheech te bringen, wêrtroch reinwetter minder gau ôffierd wurdt.
Fersilting hat grutte ynfloed op de wize wêrop't boeren it lân brûke kinne. Undersyk om dat proses te kearen is om dy reden fan grut belang, fynt de provinsje Fryslân.