Martijn Barto wol by SC Cambuur bliuwe

13 maaie 2016 - 19:35

Martijn Barto syn kontrakt by SC Cambuur rint nei dit seizoen ôf, mar de kâns is grut dat hy dochs by de Ljouwerters bliuwt. Der is ynteresse foar de spits fanút sawol it bûtenlân, lykas Malta en Syprus, as út de Nederlânske Jupiler League, sa lit er witte yn Bynt.

De kâns is lykwols grut dat de âld-spiler van Harkemase Boys gewoan yn Ljouwert bliuwt. Hy wol net ferhúzje nei in klup út deselde kompetysje as Cambuur en hy sjocht it ek net sitten om nei it bûtenlân ta te gean.

Barto wie ferline seizoen by SC Cambuur yn 28 wedstriden goed foar 4 goals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)