Froulju SC Hearrenfean gean foar besikersrekôr

13 maaie 2016 - 18:21

De froulju van Sportklup Hearrenfean spylje freedtejûn tsjin FC Twente de lêste thúswedstriid fan dit seizoen. Dat dogge se yn it Abe Lenstra stadion. In bysûndere wedstriid, om't de froulju it besikersrekôr yn de earedifyzje wer yn hannen krije wolle. Dat hienen se earder yn hannen mei in oantal fan 6000 besikers. In skoftsje lyn waard dat rekôr lykwols oertroffen troch de froulju fan ADO Den Haag. It ferskil wie 250 besikers.

Nij rekôr

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe dêrom alderhande aksjes opset en in oprop dien fia sosjale media om freedtejûn massaal nei de wedstriid te kommen. It doel dêrfan is om de 10.000 besikers te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)