Studinten ROC yn de prizen by ynternasjonale fakwedstriden

Annemijn Krol, Colin Coule en Angela Buursma
Trije studinten fan ROC Friese Poort binne dizze wike yn Finlân yn de prizen fallen by ynternasjonale fakwedstriden. Foar Angela Buursma, studint hierfersoarging, Annemijn Krol, studint skjintmespesjaliste en Colin Coule, studint befeiliging wiene der twadde prizen.
Oan de saneamde 'Taitaja 2016' diene mear as 400 dielnimmers mei en der kamen sa'n 40.000 besikers op ôf. Op it evenemint stride studinten om de titel fan bêste jonge fakfrou of fakman.