"Opwaarming ierde hat grutte ympakt op waadfûgel mients"

13 maaie 2016 - 17:42

De opwaarming fan de ierde hat grutte ympakt op de mients, oftewol de kanoet. Dat docht bliken út ûndersyk. De waadfûgel wurdt lytser en hjirtroch is it bist ekstra kwetsber. It soe hjirtroch sels mei útstjerren bedrige wêze. Jan van Gils fan it ûndersyksynstitút NIOZ op Teksel hat ûndersyk dien nei dizze waadfûgel. De resultaten stean yn it ferneamde wittenskiplik tydskrift Sciene.

Oanpasse om te oerlibjen

Oant no ta waard troch ûndersikers tocht dat de bisten harren oanpasse oan de omjouwing om oerlibje te kinnen. Ut it ûndersyk fan Van Gils docht bliken dat dat net altyd wier is. De mients wurdt troch in tekoart oan iten wol lytser, mar dit helpt de fûgel net om te oerlibjen. Mei dat se lytser wurde, wurde se nammentlik net sterker, mar just mear kwetsber.

30 jier lyn wiene der noch in heal miljoen mientsen. No binne der noch mar in kwart miljoen. De delgong is yn it Waadgebiet goed te merken. De ûndersikers sjogge hieltyd minder mientsen yn it natuergebiet.

Ynfloed op minsken

It is foar it earst oantoand dat it tal fûgels feroaret troch it klimaat. Dit is net in goed teken, fine se. Theunis Piersma fan it NIOZ: "Ik bin bot skrokken, want ik hie net tocht dat it sa hurd gean soe mei de mients. Der moatte no wol alarmbellen rinkeljen gean." As de fûgel útstjert, kin dit ynfloed hawwe op de eko-systemen en dus ek op de minske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)