SC Hearrenfean nimt Jordy Bruijn oer fan Ajax

13 maaie 2016 - 16:54

De 20-jierrige proffuotballer Jordy Bruijn hat freed in ienjierrich kontrakt tekene by SC Hearrenfean mei in opsje foar noch in jier. De middenfjilder komt oer fan Ajax. Hjir rûn syn kontrakt ôf. Bruijn fuotballet fan syn sânde ôf al by Ajax en tekene yn 2013 syn earste kontrakt. Jordy Bruijn makke yn novimber 2015 syn debút yn Jong Ajax. Troch blessueres kaam de Ajax-fuotballer net folle oan spyljen ta. By SC Hearrenfean kriget Jordy Bruijn de kâns om him fierder te ûntwikkeljen.

Trainer A-junioaren

Hearrenfean krijt folgjend seizoen ek in nije trainer foar de A-junioaren. Paul Raveneau komt oer fan FC Grins. Dêr wie er haad jeugdoplieding, mar Raveneau hie al oanjûn dat hy wer it fjild op woe. By Hearrenfean folget hy Hans Schrijver op, dy't de klup ferlit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)