Pieter-Jan Postma wint brûns op WK Finnsilen

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat brûns helle op it WK yn de Finnklasse yn Italië. Postma begûn as de nûmer trije oan de finale en mei in fiifde plak yn de lêste race koe hy it poadiumplak behâlde.
It WK waard pleage troch gebrek oan wyn. Dêrtroch koene der mar in beheind tal wedstriden syld wurde. Pieter-Jan Postma wie yn goede dwaan de hiele wike, útsein ien race, mar dy mocht hy falle litte. De lêste race wie noch wol hiel spannend. Postma hie in soad konkurrinsje.
It is de fjirde WK-medalje foar de 34-jierrige Pieter-Jan Postma. Yn 2007 en 2011 waard hy twadde en yn 2013 tredde. De Brit Giles Scott waard foar de fjirde kear wrâldkampioen.