Omrop TIP: Fytsalvestêdetocht de hiele dei live te folgjen!

16 maaie 2016 - 04:58

Fan fan 'e moarn 05.00 oere ôf starte wer 15.000 fanatike fytsers by de jierlikse Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. Fan 08.00 oere moarns oant 18.00 oere jûns wurdt ferslach dien op alle media fan Omrop Fryslân. Jûns stjoert Omrop Fryslân in spesjaal programma oer de fytsdei út op telefyzje.

Moarns docht ferslachjouwer Lennie Bronsveld fan 08.00 oere ôf live ferslach fan de tocht út Dokkum wei wannear’t de dielnimmers noch ‘farsk’ binne. Middeis nimt Joline Dalstra it stokje fan har oer en docht ferslach fan it fytsevenemint yn Sleat. Sy praat mei de fytsers, sjocht by de stimpelpost en freget reaksjes fan it publyk. Fierder giet ferslachjouwer Jan Durk de Haan de hiele provinsje troch om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.

Net allinnich op de radio wurdt ferslach dien fan de Fytsalvestêdetocht. Ek op Omrop Fryslân Telefyzje en fia de webside en Omrop-app binne de hiele dei live bylden te sjen fan de fytsers. Fierder folget Omrop Fryslân ek noch de Harnzers Bartele Boersma en Jellie Tichelaar dy’t meidogge op de tandem. Op de tandem sit in kamera, sa binne sy de hiele dei te folgjen.

Lykas yn foargeande jierren is der ek dit jier in spesjale telefyzje-útstjoering út Boalsert wei. Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe’t de fytsers oankomme en hoe’t it mei harren steld is. Binne sy stikken of kinne sy noch wol in rûntsje? Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

Minsken kinne op pinkstermoandei sms’e, whatsappe en twitterje nei de Omrop. De ynstjoerde berjochten komme middeis foarby op telefyzje. Sms’e en whatsappe kin nei 06-20499199 en twitterje kin fia #fyts11.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)