Partij voor de Dieren: fergassen guozzen juridysk ûnmooglik

De provinsje moat gjin nije fergunning ferliene foar it fergassen fan guozzen. Dat skriuwt de Partij voor de Dieren Fryslân oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Neffens de partij is it fergassen fan guozzen 'juridysk ûnmooglik', no't twa ferskate rjochtbanken sein hawwe dat it gebrûk fan fangkooien yn striid is mei de fûgelrjochtline.
Dy fangkooien binne nedich om de guozzen fergasse te kinnen. De rjochtbank fan Arnhem hat ek nochris it gebrûk fan CO2 ferbean. Neffens de Partij voor de Dieren betsjut dit dat guozzen fergasse net kin.