Stellingwarftrofee foar Ype Dykstra

13 maaie 2016 - 13:07

Ofgeand foarsitter Ype Dykstra fan de Stellingwarver Schrieversronte krige tongersdei op de jiergearkomste de Stellingwarftrofee. Dy priis is ornearre foar minsken dy't har bot ynsette of ynset ha foar de Stellingwarver taal en kultuer. Dykstra hat him yn syn perioade as foarsitter bot en entûsjast foar it Stellingwars ynset, net allinnich bestjoerlik, mar ek praktysk.

"Zo dee veurzitter Dijkstra altied butengewoon enthousiast mit an de sutelaktie, de zo belangrieke verkoopaktie van Stellingwarver boeken", lit de organisaasje wite.

Dykstra wurdt fierder ek wurdearre omdat it him slagge om te besykjen de besunigings dêr't de Schrieversronte mei konfrontearre waard ta in minimum te beheinen. De Stellingwarftrofee gie earder nei skriuwer Johan Veenstra en redakteur Jannes Westerhof fan tydskrift de Ovend. De trofee is in ûntwerp fan keunstner Peter Hiemstra fan Aldeberkeap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)