Gemeente Weststellingwerf hâldt 3 miljoen oer

13 maaie 2016 - 12:05

De gemeente Weststellingwerf hat ferline jier 3,2 miljoen euro oerholden. Dat jild wurdt taheakke oan de algemiene reserve. Wethâlder Jack Jongebloed sprekt fan in moai resultaat, mar warskôget tagelyk dat de gemeente de kommende jierren der goed om tinke moat om de finânsjes op oarder te hâlden.

Ut de jierrekken docht fierder bliken dat de gemeente Weststellingwerf de skulden mei 7 miljoen euro werombrocht hat. De gemeenteried praat op 13 juny oer de jierstikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)