Smoarchwetterboat provinsje en wetterskip fart wer

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Boatsjeminsken kinne fan hjoed ôf har ôffalwetter wer kwyt by de smoarchwetterboat. Dy fart troch it Fryske marregebiet en sammelet it wetter fan de húskes fan boaten yn om fersmoarging fan it wetter tsjin te gean. De service is fergees en ûnderdiel fan de kampanje 'Gewoon schoon, lekker fris'.
Ferskate partijen op it mêd fan rekreaasje, miljeu en wettersport wurkje hjiryn gear. Op de boat wurdt meikoarten in suveringsynstallaasje boud. Dêrmei wurdt it smoarchwetter fuortendalik skjinmakke.
De skippers fan de smoarchwetterboat jouwe ek ynformaasje oer skjin en feilich far- en swimwetter. Op de app fan De Marrekrite is te sjen wêr't de smoarchwetterboat krekt fart. De smoarchwetterboat bliuwt aktyf oant en mei de ein fan it farseizoen. De boat fart dan fjouwer dagen yn 'e wike, fan tongersdei oant en mei snein.