Gearwurking Odyssee yn Snits en iepenbier ûnderwiis Harns

Bern yn de Steve Jobsskoalle yn Snits © Omrop Fryslân, Alle Faber
De stifting foar iepenbier ûnderwiis Odyssee út Snits en it iepenbier basisûnderwiis yn Harns sille gearwurkje. Mooglik komt it nei ferrin fan tiid ek ta in fúzje. Mei yngong fan it nije skoaljier sille se mei-inoar boppeskoalse aktiviteiten organisearje. Der wurdt ûnder oare in serviceburo opset dat de skoallen stypje moat.
Neffens de skoalbestjoeren kin troch de gearwurking effisjinter en better wurke wurde.