Earste dûk yn fernijd iepenloftbad 'De Sawn Stjerren'

13 maaie 2016 - 10:52

Iepenloftswimbad 'De Sawn Stjerren' yn Hallum is op 'e nij iepene. Al desennia wurdt der yn it bad swommen, mar ferline jier drige dêr in ein oan te kommen. Der wie net genôch jild om it swimbad op te knappen. Mar de mienskip kaam yn aksje; mei mear as 80 frijwilligers waard de boel opknapt.

De gemeente Ferwerderadiel komt mei jild sadat it bad de kommende tsien jier foarút kin. Frijwilligers, riedsleden, wethâlders en sa'n hûndert bern dûkten freedtemoarn it swimbad yn foar de offisjele earste dûk fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)