Brommerrider rekket swier ferwûne by oanriding yn Twizel

13 maaie 2016 - 09:02

In brommerrider is tongersdei op de Wedzebuorren yn it Fryske Twizel swier ferwûne rekke nei in oanriding. De man ried op syn brommer oer in fytspaad doe't hy yn botsing kaam mei in auto. De autorider woe fan de trochgeane wei it eigen hiem opride, mar seach de brommerrider net by it oerstekken fan it fytspaad.

In ambulânse, plysje en in traumahelikopter kamen nei it plak fan it ûngelok foar de earste help. De man waard oanslutend mei yn sân haasten oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
oanriding brommer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)