Aksje op de planken fan it eardere teater Romein

12 maaie 2016 - 22:28

Nei lange tiid is der wer aksje op de planken fan Romein, it eardere teater fan Ljouwert. Teaterselskip Akkers en Velden spilet dêr de kommende oardel wike it stik Kingdom of earth. In stik dêr't trije jonge minsken yn op syk binne nei harsels en nei gelok yn it libben. It stik spilet him ôf yn in pleats wylst it stoarmet en de diken op it punt fan trochbrekken stean.

Entûsjast

De ploech is entûsjast oer it teater. "De zaal is natuurlijk heel hoog, en dat is de schoonheid", seit regisseur Jeek ten Velden. "Het stuk speelt zich af in een chique oude boerderij op de ruimte, en deze plek sluit daar perfect bij aan." Boppedat is dit stik muzykteater en dat klinkt neffens de muzikanten fantastysk yn it eardere poppoadium.

Teaterselskip Akkers en Velden is ûnderdiel fan Noorderstorm, in samling fan jonge Fryske toanielploegen. Yn de takomst wol Noorderstorm Romein oan har ferbine en der faker spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)