Siler Pieter-Jan Postma op medaljekoers by WK Finn

© Robert Deaves/Finnklasse
Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple leit wer op medaljekoers by it wrâldkampioenskip Finn yn it Italiaanske Gaeta. Der waarden tongersdei trije races syld. De Europeesk kampioen waard dêryn fjirde, fiifde en tolfde. Hy stiet troch dy prestaasjes no op it tredde plak yn it klassemint.
Freed is de lêste dei fan it wrâldkampioenskip. Postma kin maksimaal noch ien plak heger komme yn it klassemint, nei it sulver. It goud is al ferjûn oan de Brit Giles Scott.
Klassemint foarôfgeand oan de medaljerace fan freed:
1. Giles Scott, GBR, 17 pnt.
2. Jonas Hogh-Christensen, DEN, 38 pnt.
3. Pieter-Jan Postma, NED, 52 pnt.
4. Ioannis Mitakis, GRE, 55 pnt.
5. Jake Lilley, AUS, 59 pnt.
Postma is noch net echt bliid mei hoe't er sylt, mar hat dochs fertrouwen yn de medaljerace fan freed: “Ik sta nu drie, dat is goed. Ik kan nog zilver pakken in de medalrace. Maar ook de nummers vier, vijf en zes staan nog heel dichtbij me, dus er kan van alles gebeuren. We gingen hierheen om alles te laten zien, maar het zeilen valt nog niet helemaal op zijn plek. Ik vaar nog niet sterk, ik heb veel foutjes gemaakt. Ik moet beter starten, betere slagen maken en in het algemeen iets beter varen. De focus is nu op morgen, ik heb er veel zin. Gewoon goed varen en dan komt het goed.”