"Wurksumheden oan N359 binne gefaarlik"

12 maaie 2016 - 19:15

De wurksumheden fan de provinsje oan de N359 by Hilaard smite gefaarlike situaasjes op. Dat seit it doarpsbelang Hilaard/Hoptille. Op it krúspunt wurdt in tunnel boud dy't der foar soargje moat dat minsken yn 'e takomst de dyk feiliger oerstekke kinne. De saneamde bypass dy't oanlein is salang as de wurksumheden duorje, soarget lykwols foar in soad betizing by minsken. Der hawwe de ôfrûne wiken al fjouwer ûngemakken west op it plak.

Maatregels

"De situaasje is ûnfeilich en gefaarlik. Minsken moatte de beide ferkearsstreamen fanút Ljouwert en Boalsert yn ien kear oerstekke", sa seit Rintsje Zijlstra fan it doarpsbelang. De provinsje hat yntusken maatregels naam. Sa binne der ekstra buorden pleatst, binne der stekken by kaam en is de markearing op de dyk oanpast.

Ek it Gulf pompstasjon hat lêst fan de ûntstiene sitewaasje. Ferkear dat tanke wol moat in ôfslach nimme dy't troch de minsken net altyd goed fûn wurdt. De oannimmer Reimerd hat dêrom buorden pleatst dy't foar dúdlikheid soargje moatte.

Trefwurden: 
N359 doarpsbelang Hilaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)