FIDEO: Brânwacht rêdt hûn út dakgoate yn Drachten

De brânwacht yn Drachten moast tongersdeitemiddei foar in wol hiel bysûndere melding útride. Der siet in herdershûn fêst yn in dakgoate fan in hûs oan de Korenmolen. De hûn wie fia in dakrút yn de dakgoate fan it hûs krûpt, mar koe der sels net wer wei komme.
Mei de ynset fan in ljedder hawwe de brânwachtmannen it bist wer feilich nei ûnderen helje kinnen. De hûn mankearret neat.