Crowdfunding foar bysûnder skilderij Dokkum is slagge

It linker part is skjinmakke, it rjochter part is sa't it no is © Museum Dokkum
De publyksaksje fan it Museum Dokkum om jild foar de restauraasje fan in skilderij te krijen, is slagge. Yn trije wiken tiid is it streefbedrach fan goed 3.600 euro binnenhelle.
It 18e-iuwske skilderij is belangryk foar Dokkum omdat it der ien fan mar in hantsjefol is út dy tiid mei Dokkum as tema. Dêrop is de havenyngong oan de eastkant fan de stêd te sjen, mei de Halvemaanpoarte en de Kettingbrêge.
Mei it jild wurdt it skilderij no restaurearre. Dêrnei krijt it in permanint plak yn de eksposysje oer de skiednis fan Dokkum.